ALPHA CURSUS ALPHA CURSUS
15 kear efter inoar oan op moandei te jûn, bin wy by inoar kommen. Under lieding fan Meindert en Ankie út Menaam, hawwe wy opbouwende gesprekken oer it leauwen hân. Tekst boekje: "wat is de zin van mijn leven, is er meer"?
Foar my wy it in syktocht nei wat wol ik, wer stean ik yn it leauwen tot God. As jo no twivelje as net, al leauwe as net of tsjerksk binne as net! It is in leuke iepen kursus foar alle minsken die op wat foar manier dan ek yn it libben stean. Der neist fûn ik it  fyn om te hearen oer de ûnderfiningen en mieningen fan de oaren. We dielden fraachen en ús twivels mei inoar. It wiene dan ek moaie, learsume, bysûndere mar foar my ek wolris dreech te begripen jûnen.
Ik tink (as ik foar mysels sprek) dat wy mei inoar in bysûndere bân opboud hawwe, mei guon dy ik oars net better koe as in namme en hoi sizze yn it doarp. Wy hawwe dochs wat moais dield, it leauwen yn God. En dat is dochs in stikje rykdom!
Dus beste minsken, twivelje  jimme, bin jimme nijsgjirrich, lit jimme mei nimme, ûnderfyn it en priuw it. Wat haw je te ferliezen…. Soms litte wy God los mar hy ús noait. Stean iepen foar syn leafde nei ús want God is leafde ♥.
 Thea Zoodsma.

 
terug