THEMATSJINST  THEMATSJINST 

Sil wy der hinne? Tis wol betiid, om 9.15 oere al..... Wol oars ek wol efkes útsliepe, hoe krije we dy bern sa hurd yn de klean, ach sunder ús giet it ek wol troch, tink ik...... 
 
San Thematsjinst is wat foar jonge minsken, it is oars as gewoan.....sil wij ús draai hjir wol fyne? Lit ús oars dizze kear mar thús bliuwe....... 
 
Samar twa foarbylden, sa’t we allegearre wol ris tinke. 
Mar dizze kear mat we mei elkoar nei de TOP! 
 
It soe sa spitich wêze dat jimme nei it wykein op'e dyk heare matte dat jimme wat spectaculairs mist ha...... de jeugdtsjinstkommisje hat in pear jûnen alle tiid en leafde yn dizze tsjinst stutsen, mei in resultaat om fan de toer te razen! 
Dus bêste minsken jong en âld, kom mei syn allen op 15 juli nei de tsjerke. Mei elkoar traapje we der op los! As pak sels it stjoer......  it wurdt in machtiche tsjinst, mei skitterende ferskes, filmkes en wiere wurden. Ferhalen wer’t jo wol wer in wike op tarje kinne....... en nije sjong talinten sil jimme twa prachtiche ferskes heare litte! Dan dogge we nei ofrin meielkoar in bakje kofje/thee as limonade en in soeske yn it koar! 
 
Jo of jimme snein kin net mear kapot, at je hjir by binne!! 
Wij gean fan start op snein 15 juli om 9.15 oere yn de Meinardstsjerke fan Minnertsgea. 
 
Groetnis, de kommisje. 

 

terug