Ynspiraasje wykein Skylge Ynspiraasje wykein Skylge

No, dat haw ik dien.
Trije dagen hja ynspirearje litte, jin besinne, ideeën op dwaan, nije minsken moetsje, ferbining sykje… en fytse yn wynkrêft 5 (mar dat fielde as krêft 9!). Skjin efter adem!

De Protestantse Theologische Universiteit en de Protestantse Kerk Nederland organiseare mei de Wereldraad van Kerken en de Eilander kerken, dit ynspiraasje wykein op 26, 27 en 28 oktober 2018. Ferline jier wienen der sa’n 300 folk, dit jier sa’n 650. It docht bliken dat sa’n wykein minsken oansprekt. Der is in protte te dwaan: yn in teaterstik meitsje de twa bibelfiguren Izaäk en Rebecca, in pear, de balâns op fan harren libben. Sy besykje de stim fan God te ferstean. Sa binne sy op syk nei de sin en ûnsin fan harren libben.
Der is ek in mearke oer Keningin Esther, oer macht, geweld, ferset, twifel en moed.
In ferhaal oer de pelgrimtocht nei Santiago de Compostella.
In workshop oer teksten fan Etty Hillesum. Sy wie in jonge  Joadske frou dy’t in deiboek byhâld oan it begin fan de 2e wrâld oarloch.
Op it momint dat sy nei Westerbork giet en wit dat sy nei alle gedachten op transport moat, it momint dat de sin fan alles ferdwine liket, skriuwt sy yn har deiboek in gebed. Nèt om te freegjen dat dit alles oan har foarby gean mei, mar om te danken foar it libben.
Sy is ferstoarn yn Auschwitz, 29 jier âld.



Der is ek in workshop: bibliodrama. Dêr ha ik oan meidien, mei klotsende oksels, moat ik ta jaan. Mar ja, sa no en dan moatte hja jo grinzen ferlizze. Ik moat útbyldzje  dat ik Mozes bin. No, dat fâlt net ta!
Der is musyk, keunst, lêzingen en meditaasje-kuiertochten.
Oan de ein fan de jûn is der in Taizé tsjinst, in tsjinst mei ferskes en stiltes. Even bekomme en doe de kroech yn. Noflik!

Wat hieltyd werom komt dit wykein is dat alle minsken op syk binnen nei ferbining.
Ferbining: eltensien hat oandacht, wurdearring nedich, eltensien wol heard en sjoen wurde. Derfoar hawwe hja de oare nedich. Hoè fine hja de oare?

Dè manier fan ferbining meitsje  is, hoe ienfâldich en praktysk: mei-inoar ite! Eltsenien moat ite en meielkoar ite skept in bân. Meielkoar ite jout ferbining.
Dit wykein fielde foar my ek as in oprop: meitsje ferbining.
Ik sil ekstra pannen keapje.
Petra Abma.

terug