It tsjerkekoar song dit liet by it ôskie fan Lieuwe Wijbenga op'e wize: Jingle Bells. It tsjerkekoar song dit liet by it ôskie fan Lieuwe Wijbenga op'e wize: Jingle Bells.
It is no 7 jier lyn...doe kaamst der fleurich yn
in lange jonge fint...mar ien mei temperamint
al gau wiest thús by ús...en sa ek wy mei dy
mar in libben as in lús...dat wie der faak net by!

Al gau wiesto bekend...mei de strjitten alles went
mar ek broer Jouke rûn...as postboade hjir om
doe hasto tsjin him sein...as dyn blaas op knappen stiet
dat wit ik wol in plakje... wer'st dyn lading losse kinst.

Mei Jelte kinst omraak...in duo fan formaat
de grapkes binne raak...se komme mei fermaak
in twinkel yn it each...de snúten stean paraat
mar Jelte bringt en praat en praat dy echt net fan'e kaart.!

refr..
Jelte jong..Jelte jong...ik bin dy wol treast
asto in grapke makke hast dan lakest sels it meast
Jelte jong...Jelte jong..hâld dy no mar yn
as ik dy yn myn knûskes krij dan knyp ik dy fêst fyn!

Jelte woe ek sa graach... in reis nei Rome dwaan
dus do mei Harmen en in groep...op reis nei't Vaticaan
op it St.Pietersplein...mar wachtsje sûnder ein
de sinne wie sa fel...en oer d'eagjes gie it fel

De dokter wie ek mei...en oan't ein fan elke dei
siet de wachtkeamer wer fol...wat hiene wy in lol
de dokter hat ferstân...de dokter seach en sei
do steltst dy mar wat oan...hâld op mei dat geklei!!

refr..
Dokter help...dokter help...'k ha sa'n seare foet
dokter help..dokter help...it komt nea wer goed
dokter help...dokter help...'k ha sa'n pine yn't liif
myn holle is in toverbol en myn skonken steane stiif.

do kochst in nije fiets...en sjeesde troch de bocht
en fietste ek fansels...de Alvestêdentocht
do seist tsjin elkenien...do seist it kear op kear
sa om in oere as tsien ..kom ik troch Minnertsgea.


En elk dy seach en seach...komt er der hast al oan
mar it wie om'e nocht...miskien in lekke bân
mar wat wie it gefal...do hiest in oare kaart
sadat de trochtkomsttiid wol oeren earder waard.

refr..
Minnerstgea..Minnertsgea..lei noch op ien ear
gjin gerop...set him op...dat die wol wat sear
hiel betiid..yn'e striid...foar as yn'e wyn
sa riedsto blier en bliid de âlve stêden yn.


Do hâldst sa fan mesyk...en't hâld dy fan'e dyk
it korps en ek dyn band...fersierst mei dyn talint
fol ritme sit de maat...yn't wykein faak op paad
en moandeis wurd by omke Foppe alles noch bepraat.

Wy ha in prachtig koar...wy binne fanatiek
en do stiest der wat foar...en makkest de mesyk
en ast der dan by sjongst...dyn stim is moai en fol
dan likest op in lyster dy't in wyfke lokje wol.

refr..
Do re mi...do re mi...it giet foar de wyn
jou de toan..no mar oan..dan sette wy wol yn
do re mi...do re mi..wy binn'e net fan sâlt
krús as mol..wy rêdde it wol..de toppers fan'e wrâld.

It Bildts dat is dyn taal...dyn libben dyn ferhaal
dyn tinken en foargoed...dyn herteklop en bloed
mar komt dit yn't geding..dan knypt de nôlestring
want Brabân is wol fier..mar de doar bliuwt op in kier

Wy litt' in lytse trien...mar litte dy graach gean
it nije aventoer..fol moed en ek fol fjoer
wy winskje dy as koar...set dyn bêste poatsje foar
en doch dyn wurk mei nocht...en gean dyn wei mei God.

refr..
Goeiendei...goeiendei...Lieuwe.. hoi.. goodbye
adieu farwol..wy witte wol..do sikest sels dyn wei
goeiendei..goeiendei.. Lieuwe ..hoi..  goodbye
watsto diest en wasto wiest.. dat nimme wy echt mei!!



 
terug