UIT DE REGIO UIT DE REGIO
Yn septimber 2018 is muzykman Hindrik van der Meer oan syn ôfskiedstoernee begûn. Mar leafst 43 tsjerken reizget er bydel, om oeral noch ien kear lucht te blazen yn it fluitsje dat er altyd yn ’e bûse hat as dirigint. Oait rjochte Van der Meer it Kwartettekoar op, dat no al wer trettjin jier mei him ûnderweis is. Hindrik hat de leeftyd fan 80 jier berikt en wurdt no traktearre op in mânske sjongbondel, mei lieten fan himsels en oaren. Op 27 jannewaris 2019 is yn de Anna Tsjerke fan Winsum Hertslach presintearre, 170 ‘lieten om it út te sjongen’, sa’t de ûndertitel seit. “Dêr sit de jubel fan it libben yn, mar ek de oantrún om it fol te hâlden”. Sa beskriuwt Eppie Dam dizze nije lietenbondel.

It Kwartettekoar moast in ‘briedplak foar eigentiidske liturgy’ wurde, sei Van der Meer doe’t er yn 2006 in oprop die om lid te wurden. It sloech dalik oan en sûnt dy tiid wie it koar, mei leden rûnom wei út de provinsje, net meart fuort te tinken út ’e Fryske tsjerken. It Kwartettekoar hat ek de opdrachtjouwer foar de bondel west.
Yn earste oanlis soe it oanbod beheind bliuwe ta wurk fan Van der Meer sels, mar útjouwerij Intrada seach in moaie gelegenheid om tagelyk ek oare lieten oer it fuotljocht te bringen.

In fjouwerkoppige redaksje, besteande út Eppie Dam, Jan de Jong, Margryt Poortstra en Gerben van der Veen, bûgde him oer de seleksje út tritich jier geastlik repertoire. It resultaat hat in lieteboek fan 272 siden west, dêr’t Fryske sjongers fan   foarút kinne.   

De toernee rint oan maart 2020 ta en no noch krapoan 20 kear yn likefolle tsjerken rûnom yn ’e provinsje. It seit himsels dat elkenien dêrhinne kin. De komplete útfieringslist is te finen op de webside fan it Kwartettekoar.   


 
terug