Een warme huiskamer
Eltse tiisdei te moarn is d’r kofjedrinken yn ús ferieningsgebou “de Twaskar”. D’r binne hiel wat doarpsgenoaten dy’t der eltse wike hinne gean. Wat is it fijn om elkoar te moetsjen, in praatsje mei elkoar te hawwen en te lústerjen wat in oar dwaande hâldt. Ûnder it genot fan in bakje kofje as thee, mei wat lekkers fansels, wurdt d’r hiel wat sein oer en wer. Derneist ha wij it ek nog wolris wat drok. Want wij bringe in kaart bij minsken út ús doarp dy’t siik binne as in bemoediging nedich hawwe as at se wat te fieren hawwe. De kaarten gean de rûnte om en elts set syn as har namme derop. En dernei bringt ien fan de kofjedrinkers de kaart bij de minsken thús. Even oanbelje en in praatsje oan de doar as oan de keukentafel. Dat fyne de minsken mooi dy’t de kaart krije. Dan binne der faaks hiele mooie gesprekken oer fan alles en nog wat. Hiel weardefol foar diegene dy’t de kaart bringt en de minsken dy’t de kaart krije. Op san manier kinne wij wat om elkoar tinke yn ús doarp. It makket net út as jo lid binne fan tsjerke as net, eltsenien kin in kaartsje krije. Wat dan ek nog sa mooi is, is dat it allegear sels makke kaarten binne. De mooiste eksemplaren dy’t jo mar betinke kinne wurde makke troch minsken út Mninnetsgea. Soms allinnich, mar soms ek yn in groep. En dat is ek altiid hiel gesellich. Minsken dy’t dizze mooie kaarten meitsje, tige tank derfoar!! It kofjedrinken is foar eltsenien! D’r is gjin aginda om thema’s te bepraten mei in tsjerkelijke ynstek. Nee, it pertear under elkoar is hiel weardefol en mooi. En hjirtroch ûtstiet d’r in soart fan netwurk. Elts hat syn eigen omjouwing en syn eige freonen, buren en bekinden. En sa ûnstiet it omtinken om elkoar. Eltsenien is fan herte WOLKOM! | ||
terug | ||