WEROMSJOCH OP IT DIAKONALE WURK WEROMSJOCH OP IT DIAKONALE WURK
Doe’t ús 12/13 jier lyn frege waard om diaken te wurden foar ús tsjerke ha wy direkt  “ja” sein.
It like ús moai wurk ta en dat wie it ek. Wat hawwe wy in protte dingen organisearre foar ús gemeente en der bûten!
Wy sille in pear dingen opneame, earst de jierlikse:
  • It klearmeitsjen fan de liturgyen foar de wrâlddiakonaatsneinen, altyd wer moai om te sjen wat de mooglikheden binne om der in moaie tsjinst fan te meitsjen en in projekt finansjeel te helpen.
  • De nachtmieltsjinsten. Dat wie altyd wer spannend hoe’t it ferrinne soe mei alle kearen wer in oare dûmny. En wy binne begûn mei it nachtmiel op wite tongersdei yn de kring, hiel bysûnder.
  • De reiskes foar 65+ (letter 67+). It betinken fan de útstapkes en soms yn ’t foar der efkes hinne. Altyd wer in feest om mei blide minsken op stap en neitiid lekker ite yn it MFA.
  • It projekt Minima yn it Bildt. It wie altyd  moai om te sjen hoe tankber de minsken binne dy’t in slúf mei ynhâld krigen.
  • De krystfieringen, earst yn de Twaskar, letter yn it MFA. En nei ôfrin it rûnbringen fan de krystbakjes.
  • It Brouwersfûns. In protte widdowen hellen harren bôle en sa op en dronken in kopke kofje mei oaljekoeken.
En de oare aktiviteiten, sa as:
  • Meielkoar yn de bus nei Nederland Zingt yn Utert. In hiele ûnderfining.
  • It opsetten fan de blommegroet. De minsken binne soms hiel ferrast dat se in blomke krije fan tsjerke, it is dêrom ek in grut sukses.
  • En doe kaam de koroanatiid. Foar ús as diakony in bysûndere tiid. Wy mochten hast neat dwaan, mar ha dochs ferskate moaie dingen dien. Sa as de kuorkes mei itensguod del bringe by 75 plussers, en de krystfiering útstjoerd fanút de tsjerke, wêr’t allinne de diakenen en de muzykgroep wienen. De minsken koenen thús meilústerje, sommigen diene dat by elkoar op besite. Foar de tsjinst brochten wy de liturgy en wat lekkers by de minsken. En doe’t it wer mocht mei elkoar de bôle-iterij yn it MFA.
  • Doe is it kofjedrinken op tiisdeitemoarn ek ûntstien. Earst yn de konsistoarje, no yn de Twaskar. In protte minsken fine it prachtich om efkes gesellich meielkoar te praten; de rûnte is altyd fol.
  • Ek is der no elke 1e snein fan de moanne kofjedrinken yn tsjerke nei de tsjinst.
  • Doe’t de Oekraïners kamen ha wy in aksje foar har holden, troch it hiele doarp. Elk wie ree om mei te helpen en om de doarren iepen te setten en/of guod oan te bieden om te ferkeapjen. In grut sukses. Wy binne noch hieltyd belutsen by de Oekraïners troch it sammeljen fan bananedoazen mei klean, itensguod en knuffels, yn gearwurking mei de Fryske Rijders.
  • Dit lêste jier is der yn Minnertsgea noch in “deelstation” kommen. Dêr wurdt in protte gebrûk fan makke, spitich dat dat nedich is.

De taak fan in diaken wurdt omskreaun as:
delen wat de gemeente aan gaven geschonken is, helpen waar geen helper is en getuigen van de gerechtigheid van God waar onrecht geschiedt.
Dat ha wy besocht sa goed mooglik te dwaan. Mar behalve oare minsken wat bringe, hat it wurk ús ek wat brocht. De moetingen mei oare minsken wiene altiid waarm en smieten moaie weardefolle petearen op. En de aktiviteiten brochten ús wille, tankberens en foldwaning  om’t wy sjen koenen dat it de minsken goed die. It learde ús om te sjen nei de lytse dingen yn it libben en net altiid mar mear, mear, mear, mar wiis wêze mei de dingen dy’t je ha.

Wy binne tankber dat wy dit wurk, yn gearwurking mei jimme allegearre dwaan mochten. Wy sille it misse en sjogge mei in protte wille en foldwaning werom op dizze perioade.
Wy winskje elts, en yn it bysûnder de diakony, in protte stipe en Gods seine ta by it wurkjen yn de tún fan ús Hear.

Sjoerd Visser en Tineke de Schiffart-Krol.
 
 
QR-code diaconie

QR-code diaconie
Scan de QR-code om te betalen voor Diaconie
PKN Minnertsga.


 
 
Diaconie Diaconie
Bankrekeningnummer: NL93RABO0119300427
e-mail: diaconie.secr@hotmail.com
 
De Bloemengroet – De Kaartengroet De Bloemengroet – De Kaartengroet
Al heel wat jaren bestaat de Bloemengroet in Minnertsga. Dit houdt in dat alle mensen, woonachtig in Minnertsga, die ziek zijn, een oppepper kunnen gebruiken, er aan hen gedacht wordt, die eenzaam zijn of gewoon omdat iemand uit het dorp vindt dat hij/zij een bloemetje verdient/nodig heeft, op zondag een bloemetje kan ontvangen.
(verjaardagen en jubilea krijgen via anderen wegen aandacht).



 
lees meer »